Blog Gerrit Hoekstra - Aktualiearsjen eksamenprogramma’s Frysk

Redactie Geplaatst op 06 april 2023


‘Ek nei wiken fan fûleindich prakkesearen
is’t papier dat foar my leit noch hieltyd leech.
Dat ik wit: ‘Dit komt net maklik foar de hearen’;
it skriuwen fan in Keatsrevu is dreech!’

Sa begûn ik destiids (1989!) de revu ‘Hûndert jier fertier en getsier’ ta eare fan it iuwfeest fan ús keatsklup. It ferske wie op de wize fan ‘Testament’ fan Boudewijn de Groot. Besykje it mar ris.


Itselde gefoel bekroep my ein foarich jier by it lêzen fan de ‘Wurkopdracht by it Aktualiearsjen fan de eksamenprogramma’s boppebou fû’ fan OCW dy’t liede moast ta in bystelde set eintermen foar alle skoalsoarten en learwegen, yn dit gefal by it fakj Fryske Taal en Kultuer. Beleaven te ûntwikkeljen yn oardel jier tiid mei in kommisje fan ynearsten fjouwer persoanen.


Fansels, ik hie manmoedich dryst fan ‘Ja!’ sein. Och sa wichtich, ommers! Mar ik hie doe ek al witte kinnen: belutsen entûsjasme wurdt fakernôch ynhelle troch gnidzjende twifel.


Bleau it papier dan leech? Nee! Want wat docht geandewei wer bliken? Dat der altiten wer minsken binne dy’t helpe, stypje, motivearje. Minsken dy’t it allegearre al smoardrok ha en dy’t allegeduerigen op ’en nij frege wurde om harren yn te setten foar it Frysk, al of net yn it ramt fan it ûnderwiis yn ús fak. Meitinke, meiskriuwe, meiprate omdat sy it fan belang fine dat nije generaasjes op skoallen yn Fryslân it Frysk taparte krije op in trochtochte, hjoeddeiske, breed stipe wize. Grûne op it fûnamint fan nije, ta de saak dwaande kearndoelen en eksamenprogramma’s.


Sy litte de boel net strûpe, ek al wurde sy kear op kear frege om wer in stap ekstra, wer in stap hurder te setten. Dat dogge se! Soks jout moed ast as kommisje begjinst oan in put as de aktualisaasje fan eksamenprogramma’s en dat moat ek: wy binne der ommers noch lang net. Mar it komt goed, want wy dogge it sa’t dat gewoanwei giet mei elkoar, ek al binne wy allegearre út datselde lytse Fryske fiverke fiske.


Wat dy revu oanbelanget: troch in warbere, kreative ploech fan spilers, sjongers en oare meiwurkers fiif kear foar in útferkofte boppeseal fan de pleatslike herberch oer de fuotljochten brocht. In súkses dus. Dat jout my no ek alle betrouwen foar de Aktualisaasjekommisje Eksamens Frysk.


Gerrit Hoekstra (regyfierder)

Wil je dit Delen?

blijf op de hoogte

Altijd als eerste op de hoogte van de laatste ontwikkelingen? Meld je dan nu aan voor onze automatische updates. Je ontvangt dan een e-mail als wij een nieuwsbericht plaatsen.

Aanmelden updates

* zijn verplicht
Vakken